Skiermûntseach begjint mei kampanje foar 'pestfrij eilân'

13 sep 2017 - 18:46

Op Skiermûntseach is woansdei in anty-pestkampanje úteinset. Dit saneamde KiVa-programma moat der foar soargje dat pesten troch eltsenien ûnakseptabel fûn wurdt. It programma is al in súkses op sa'n 300 skoallen yn Nederlân.

De lytsskalichheid fan Skiermûntseach makket de oanpak op it eilân unyk, omdat net allinnich skoallen meidogge mar bygelyks ek sportferienings. In anty-pestkampanje wurdt belangryk fûn, omdat slachtoffers op it eilân gjin kant op kinne. 

Trefwurden: 
Skiermûntseach pestfrij Kiva
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)