Grutte brân by Agrifirm yn Emmeloard

13 sep 2017 - 18:11
De útbaarnde loads fan Agrifirm yn Emmeloard - Foto: De Vries Media

Minsken dy't ûnderweis binne op de A6 tusken De Lemmer en Lelystêd koene woansdeitemiddei skrikke fan grutte reekûntwikkeling boppe de stêd Emmeloard. In loads fan Agrifirm grôtfol nôt is dêr folslein ôfbaarnd, sa meldt Omroep Flevoland. It fjoer ûntstie oan 'e ein fan de middei. Neffens de brânwacht binne der gjin minsken by de brân ferwûne rekke. Der is wol opskaald nei GRIP 1. Dat betsjut in tige grutte brân. It is noch net dúdlik oft der ek skealike stoffen frijkommen binne. Omwenners krigen dêrom foar de sekerheid it om doarren en ruten ticht te hâlden.

De brân komt foar Agrifirm op in beroerd momint, want op tongersdei 14 sepimber organisearret it bedriuw de grutte beurs Potato Europe. Dy beurs giet gewoan troch, sa hat it bedriuw witte litten.

Trefwurden: 
Agrifirm brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)