FIDEO: In memoriam Oma Don Pedro

13 sep 2017 - 18:03

Se stie rûnom bekend as Oma Don Pedro of Oma Deur. Grietje Gall-Wening ferstoar tiisdei op 94-jierrige leeftiid. Jierrenlang wie se portier fan diskoteek Don Pedro yn Frjentsjer. De jongerein wie gek mei Oma mar hie ek in soad respekt foar har. En sa waard oma ek lanlik bekend as de âldste útsmiter fan Nederlân. Oma hâlde pas op har 78ste op en waard keninklik ûnderskieden foar har wurk.

Omrop Fryslân stjoert yn Hea in in memoriam út fan in bysûndere frou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)