Martijn Barto traint seleksje fan detinearden yn Ljouwert

13 sep 2017 - 17:55

Cambuur-spits Martijn Barto fan Cambuur trainde woansdei in wol hiel bysûndere groep. Yn de Ljouwerter finzenis trainde hy in seleksje fan detinearden. Nije wike dogge de detinearden mei oan in ynternasjonaal fuotbaltoernoai yn Feanhuzen. Dêr nimme teams fan ferskate finzenissen it tsjin mekoar op. Om harren goed ta te rieden krigen se in ekstra training fan Barto.

Doel fan it fuotbaltoernoai is om de finzenen alfêst wat wenne te litten oan it gewoane libben. En dat wurket hiel goed. Neffens Martijn Barto sit der wol fuotbaltalint by de seleksje fan PI Ljouwert. Mar dat is net it belangrykste, sa seit er. It giet der om om de manlju wer ta te rieden op in takomst bûten de finzenis.


(advertinsje)
(advertinsje)