Diskusje oer subsydzjebetingsten Schrieversronte

It Stellingwerfs folksliet; in útjefte fan de Stellingwarver Schrieversronte
De gemeenteried fan Eaststellingwerf is tige kritysk oer de nije wize fan finansiering fan de Stellingwerver Schrieversronte yn Aldeberkeap. De provinsje Fryslân is mei nije easken kaam oan de taalbefoarderingsorganisaasje. De provinsje wol dat it jild tenei minder nei fêste lêsten lykas gebou en húsfêsting giet en mear nei ynsidintele aktiviteiten op it mêd fan taalbefoardering. Om oan jild te kommen moat de organisaasje tenei projekten yntsjinje by provinsje en de gemeenten East- en Weststellingwerf.

De ried is der min oer te sprekken dat it kolleezje fan Eaststellingwerf dit besletten hat sûnder dit earst mei de ried te bepraten. Neffens de PvdA kin sa'n beliedswiziging net bûten de gemeenteried om. De PdvA is benaud dat de koerswiziging 'grutte gefolgen' hawwe kin foar de Schrieversronte en wol it nije belied dêrom beprate yn de gemeenteried. Ek D66, ChristenUnie en GrienLinks binne kritysk oer de nije oanpak fan de Schrieversronte. Neffens wethâlder Rients de Boer is der net folle romte mear om de subsidiearring oars oan te pakken, omdat Eaststellingwerf dat yn gearwurking mei de provinsje en Weststellingwerf docht. It nije belied is ynset troch de Provinsje Fryslân.