Rients Gratama wurdt yn De Harmonie betocht

13 sep 2017 - 14:08

Sa'n 500 famyljeleden, freonen en kollega's steane woansdeitemiddei yn De Harmonie yn Ljouwert stil by it libben fan Rients Gratama. De kabaretier, sjonger en akteur ferstoar in wike lyn. Hy wie 85 jier. De betinkingsgearkomste is mei opset troch sjonger Syb van der Ploeg. Hy sil mei syn band De Kast ek optrede wilens de gearkomste. Hy fertelt dat it programma hielendal bestiet út lieten dy't Gratama sels skreaun hat.

Van der Ploeg omskriuwt de ôfrûne wike as in 'rollercoaster'. Rients hie de betinking yn it foar mei syn frou besprutsen. Dêrnei is Syb derby belutsen. "It is hiel moai om dit noch foar him te dwaan", sa fynt hy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)