Gjin buertgearkomste bewenners Reitsmastrjitte Frjentsjer

13 sep 2017 - 13:46
Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Der liket foarearst gjin buertgearkomste te kommen foar de bewenners fan de Jan Reitsmastrjitte yn Frjentsjer dêr't tiisdei in deade frou yn in hûs oantroffen waard. De gemeente hat rûnfrege yn de omjouwing fan de strjitte, om te sjen wat der libbet by de minsken. Oant no ta binne der gjin sinjalen dat der behoefte is oan in gearkomste.

Wol lit de gemeente witte dat net elkenien yn de buert thús wie by de earste ynventarisaasje. Dêrom is besletten om woansdeitemiddei nochris lâns de doarren te gean. Mooglik dat it beslút oer in eventuele gearkomste dan noch feroaret. Ek de plysje hâldt in finger oan de pols as it giet om soargen dy't der yn de buert libje.

(advertinsje)
(advertinsje)