Tongersdei oanpaste tsjinstregeling feartsjinst Doeksen

13 sep 2017 - 12:02
De sneltsjinst fan Rederij Doeksen - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Rederij Doeksen past ek tongersdei de tsjinstregeling fan de sneltsjinsten oan. It giet om de boaten fan 8:30 en 17:20 fan Harns nei Flylân, de boaten fan 9:30 en 18:20 fan Skylge nei Harns, en de sneltsjinsten fan 10:05 en 18:55 fan Flylân nei Harns. It skrassen fan de tsjinsten hat te krijen mei it minne waar dat foarsein is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)