Ekstra needpomp om wetter by Holwert fuort te krijen

13 sep 2017 - 11:56

Wetterskip Fryslân set in ekstra needpomp yn om wetter fuort mealle te kinnen yn 'e omkriten fan Holwert. It Wetterskip hat de needpomp der fannacht delsetten. Dy beslissing is naam yn oerlis mei it rayonhaad en de boeren yn de omjouwing. Yn de omkriten dêr krijt it Wetterskip net op in gewoane wize it wetter fuort. Der is dêr in soad wetter fallen. Om't yn de measte fearten en sleatten noch hekkele wurde moat, tinkt it Wetterskip dat de rein dy't noch falle sil dreech fuortkomme kin.

It Wetterskip sil hjoed de saneamde 'knyppunten' yn 'e provinsje goed yn 'e gaten hâlde. Earder waard al it Woudagemaal op 'e Lemmer ûnder stoom brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)