Plysje hat bewenner Frjentsjer noch net fûn

De bewenster fan de Jan Reitsmastrjitte is troch in misdriuw om it libben kaam © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De plysje siket noch hieltyd nei de manlike bewenner fan de wenning oan de Jan Reitsmastrjitte yn Frjentsjer dêr't tiisdei in deade frou oantroffen waard. De wiidweidige syktocht fan hat oant no ta noch neat opsmiten. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de deade frou de bewenster fan it hûs is. De plysje hâldt der op basis fan de spoaren sterk rekken mei dat de frou troch in misdriuw om it libben kaam is.
De plysje hat famyljeresjersjeurs ynset om de neibesteanden fan it slachtoffer by te stean. Se roppe eventuele tsjûgen op om har te melden. Minsken dy't witte wêr't de fertochte is, wurdt oproppen om te beljen mei 112. De fertochte is in 30 jierrige slanke, blanke man, mei blond hier.