In protte tinten op Flylân troch de stoarm fernield

13 sep 2017 - 11:34

Tsientallen tinten binne troch de stoarm ferlern gong op camping Stortemelk op Flylân. Neffens campingdirekteur Jan van der Veen rjochtet de stoarm mear skea oan as hy yn it foar ferwachte hie. Fan 'e moarn fertelde Van der Veen noch by ús op de radio dat hy maatregels naam hie om de tinten tsjin de stoarm te beskermjen. Nettsjinsteande dizze maatregels is der dochs protte skea. Op dit stuit binne tsien man dwaande om de skea beheind te hâlden.

Trefwurden: 
Flylân camping Stortemelk
(Advertinsje)
(Advertinsje)