Toeristysk Riis wurket oan de takomst

13 sep 2017 - 10:58
rijsterbos.nl

De hoareka- en rekreaasjeûndernimmers yn Riis hawwe mei-inoar in nije webside ûntwikkele. De ûndernimmers yn it doarp hawwe in tumultueuze perioade efter de rêch en wolle mei de nije webside mei-inoar oparbeidzje foar de takomst.

De webside is in resultaat fan petearen dy't al yn jannewaris 2016 úteinset binne. Riis hat trije hotels, sân restauranten, twa kempings, in bêd en brochje, in boateferhier en in boarterstún. De webside jout wiidweidige ynformaasje oer it doarp en de mooglikheden foar aktiviteiten yn it doarp. De inisjatyfnimmers sille ek in nij ynformaasjeboerd by de yngong fan it doarp delsette.

Trefwurden: 
Riis webside takomst
(advertinsje)
(advertinsje)