Alvestêdetocht it sterkste frijetiidsmerk

13 sep 2017 - 10:38
Finishpunt Alvestêdetocht - Foto: ANP

Hoewol't it al mear as tweintich jier lyn is dat er foar it lêst ferriden is, is de Alvestêdetocht noch hieltyd it sterkste 'frijetiidsmerk' fan Nederlân. Noch foar de Efteling of de Martinitoer. Dat docht bliken út it Vrije Tijd Merkenonderzoek fan Hendrik Beerda Brand Consultancy.

Sa'n 8.000 minsken binne ûnderfrege oer harren foarkar yn it oanbod oan aktiviteiten yn it lân. Thialf stiet op plak acht yn de top tsien. De Friezen sels sette de Alvestêdetocht ek op plak ien. Dêr achteroan komme Thialf en AquaZoo. Lanlik sjoen stiet Fryslân op plak trije as it giet om provinsjes mei it sterkste kultueroanbod.

(Advertinsje)
(Advertinsje)