FNP jout stipe oan Katalanen

Op de nasjonale feestdei fan Kataloanië, de Diada, demonstrearren in soad minsken foar ûnôfhinklikheid © ANP
De FNP komt yn aksje foar de Katalaanske ûnôfhinklikensstriid. De Fryske politike partij fynt dat de Katalanen snein 1 oktober frij stimme kinne moatte by it referindum oer ûnôfhinklikens fan Katalonië. Dat referindum is de ôfrûne wike útskreaun troch it parlemint fan Kataloanië, mar wurdt troch it regear yn Madrid net erkend.
De Spaanske oerheid neamt it referindum yn striid mei de grûnwet en wurket de Spaanske minderheid ek tsjin. Sa wurdt der drige mei rjochtsaken tsjin boargemasters en oare bestjoerders dy't oan it referindum meiwurkje. De FNP neamt it optreden fan de Spaanske oerheid 'yn striid mei minskerjochten en demokratyske frijheden'. De FNP freget minister Koenders fan Bûtenlânske saken yn in brief om der by it Spaanske regear op oan te trunen dat de Katalanen yn alle frijheid gebrûk meitsje kinne fan har demokratysk rjocht op 1 oktober.