Folgje alles oer de earste hjerststoarm yn ús liveblog

13 sep 2017 - 15:44

"It wurdt in rûge dei", seit waarman Piet Paulusma. We ha te krijen mei de earste swiere hjerststoarm. Neffens de waarman is it ek wol in aparte stoarm. It is in stoarm dy't benammen it noarden en it westen fan ús lân teheisterje sil. "It is in kuststoarm, dy't yn 'e rin fan de moarn oanhellet. We krije letter wynkrêft 9, mei swiere wynstjitten. Dan kin it wol wynkrêft 11 wurde en yn it Waadgebiet misken wol 12, orkaankrêft.

Fansels sil der skea ûntstean. De beammen sitte noch fol yn it blêd en troch de wynstjitten sil der wol ris wat om gean. We sille it der hjoed de hiele dei mei dwaan moatte", seit Piet Paulusma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)