Kollum: "CNN"

13 sep 2017 - 08:27

"As der hjir of dêr in natuerramp plakfynt is dat fansels tige slim. Op ien fan de Nederlânske eilannen dy’t net by it Waad hearre wie dat ôfrûne wike goed te sjen. Of eins: net te sjen. Want doe’t de orkaan Irma, wat in leave namme foar sa’n meunster trouwens, dêr har ferwoestings oanrjochte, foel oeral de stroom út en wie Sint Maarten foar it grutste part âlderwetsk net te berikken. Dat is dochs in bytsje in byld dat je ha by in echte ramp. Dat it sa slim is dat de stroom útfalt en dat der auto’s op it dak fan in hûs belânje. Mar dat sjogge je pas letter, as in helikopter de earste fisuele opname makket fan it troffen gebiet.

Yn tiden fan rampen yn de Feriene Steaten fan Donald Trump is de nasjonale rampenstjoerder CNN oeral oanwêzich. Doe’t Irma op reis wie nei Florida, begûn it mediasirkus op folle orkaankrêft te draaien. Want live ferslach dwaan fan in ramp is fansels de hillige graal yn de USA. Sa koenen wy tsjûge wêze fan in stik as wat razende reporters dy’t harren sabeare mar krekt op de fuotten hâlde koenen, want och heden wat wie de orkaan ferskriklik. En oer nei de folgjende, dy’t him dapper fêst hâlde moast oan de reling fan in balkon om foar te kommen dat er fuortwaaide, mar doe’t er even oanwize moast wêr de skea it grutste wie, koe er dy hân mei gemak brûke om dat te dwaan, sûnder fan de sokken blaast te wurden. Typyske Amerikaanske ferslachjouwerij, dat frjemd genôch faak by de grinzen fan dat lân ophâld.

In moai foarbyld dêrfan is as it winterdeis in kear goed kâld wurdt yn in pear noardlike steaten fan Amearika. Leafst mei sniestoarmen en alles der op en der oan. Dan is it hielendal genietsjen op CNN. Skimige bylden fan lytse doarpkes, folslein ôfsletten fan de wrâld, heal yn it tsjuster, mar de ferslachjouwers binne fansels goed beljochte. It drama wurdt mei oerjefte brocht, mar it frjemde is, dat de stoarm, snie-oerlêst en de byhearrende ûngemakken harren meast beheine ta de USA. Leit dêr boppe, folle tichter by de noardpoal net noch in lân? Ik ha it der wolris mei minsken út Kanada oer hân, dy besauwen harren ek oer de Amerikaanske TV as der ris in fikse sniebui komt en de temperatuer wat leger wurdt as dat Donald Trump dat graach hat. Want de rampen yn Amearika barre ek yn Kanada, mar dêr hearre je nea wat oer. Dat lân neamt omstannichheden sa as hjirfoar omskreaun nammentlik gewoan winter. En der binne strange en minder strange fan.

Wy hjir yn Nederlân steane ek wer foar de tiid fan de rampen. Sjoch mar wat der yn de spits bart as der in protte reinwetter falt. Heal Hollân stiet yn de file. En oer oktober en novimber mar te swijen, want dan hat de natuer it sa bepaald dat der blêden fan de beammen falle. En guon fan dy freeslike bledsjes falle dan op it spoar en dêr binne de oerfolle treinen net tsjin opwoeksen. It waar wurdt troch tadwaan fan de minsk elts jier ekstremer, it wurdt tiid dat de ferantwurdlike ynstânsjes harren dêr mei dwaande hâlde en ophâlde te mipen dat de trein net op tiid is omdat der wiete bledsjes op de rails lizze. De ravaazje op Sint Maarten en yn Florida is foar in part ús eigen skuld. Mar it is net populêr om dat te beneamen. We donearje leaver in pear miljoen op giro 5125 om ús skuldgefoel ôf te keapjen en gean oer ta de oarder fan de dei."

(Advertinsje)
(Advertinsje)