Fryslân en de earste swiere hjerststoarm

13 sep 2017 - 07:47

Swiere stoarmbuien mei swiere wynstjitten. Dêrom koade oranje. Tusken de buien troch en dan benammen yn 'e middei sinneskyn. Oerdei 16 en 17 graden. Yn it kust en Waadgebiet de earste hjerststoarm, krêft 9 út it westen oant súdwesten. Wynstjitten mei krêft 10 en 11. Ek boppe de Iselmar stoarm mei wynstjitten mei krêft 10. Boppe de oare marren stoarmich, krêft 7 of 8 en wynstjitten mei krêft 9 en 10. Mear it lân yn in hurde wyn mei wynstjitten yn krêft 8 of 9.

De earste hjerststoarm betsjut foar in protte minsken ek ekstra wurk. Bygelyks op kemping Stortemelk op Flylân. Direkteur Jan van der Veen hat noed oer de tinten dy't dêr noch stean. By wetterskip Fryslân binne se klear wekker. Jan van Weperen fertelt deroer.

Trefwurden: 
hjerststoarm stoarmbuien
(advertinsje)
(advertinsje)