"Sjauffeurs doelgroepeferfier moatte net thússitte"

13 sep 2017 - 07:13

Wethâlder Roelof Bos fan de gemeente Dantumadiel sil him yn gearwurking mei in tal oare gemeenten maksimaal ynsette foar it belang fan sjauffeurs yn it doelgroepeferfier. Dat is de útkomst fan in ekstra riedsgearkomste tiisdeitejûn op it gemeentehûs. Twa moasjes fan de SGP-fraksje yn de gemeente Dantumadiel en fan it CDA oer it doelgroepeferfier wêryn't it behâld fan banen foar de sjauffeurs sintraal stiet waarden op de gearkomste unanym oannaam. Takom wike wurdt bekend welke ferfierders it doelgroepeferfier nei de oanbesteging tawiisd krije.

Bos sit yn it bestjoer fan it Mobiliteitsburo dat foar seis gemeenten it doelgroepeferfier regelet. De moasje kin net mear meinaam wurde yn de oanbesteging dy't no rint. Mear as in sterk sinjaal oan de ferfierders kin der net fan út gean. Mar alle partijen yn de gemeenteried fine dat ûnder de omstannichheden it heechst helbere. Bos seit dat it Mobiliteitsburo net allinnich it belang fan de sjauffeurs yn de gaten hâldt, mar ek dat fan de klanten en de ferfierbedriuwen. Mocht in ferfierbedriuw him net ferantwurdlik hâlde en drage, dan binne der ferskate mooglikheden om dêr tsjin op te treden oant it ôfnimmen fan kontrakten ta. Mar hy giet der fan út dat dat net nedich wêze sil.

De oanbesteging fan it doelgroepeferfier yn Noardeast-Fryslân moat op lêst fan de rjochter oer dien wurde. Dat wie begjin juny de útkomst fan in koart pleit dat oanspand wie troch Taksy Waaksma. Dat bedriuw foel by de earste oanbesteging bûten de boat mar tekene beswier oan by de rjochter. Dy wiisde dat ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)