Minderjierrigen keapje minder faak alkohol

13 sep 2017 - 06:50
Foto: ANP XTRA

De Fryske minderjierrige jongerein drinkt minder alkohol, mar noch altiten is drank maklik te krijen. Ien op de twa oankeapen slagget, sa docht bliken út ûndersyk by supermerken, sliterijen, hoarekesaken, kafetaria's, jongereinsintra, sportkantines en eveneminten yn Fryslân.

Yn trochsneed hâldt 48% fan de jeugd oant en mei 18 jier him oan de regels. Yn 2015 wie dat mar 37%. De bêste metoade om de alkoholferkeap oan minderjierrigen te foarkommen is it ID-bewiis. By 81% soarget dat foar in goede kontrôle. De Fryske sifers stekke goed ôf by it lanlike byld.

Trefwurden: 
alkohol drank jongerein
(Advertinsje)
(Advertinsje)