Utslaande, grutte brân yn wenhûs Aldegea (Smell.)

12 sep 2017 - 22:59

In houten wenhûs oan de Manjespetwei yn Aldegea (Smellingerlân) is tiisdeitejûn troffen troch in útslaande brân. Dy bruts om sawat healwei alven út. By it wenhûs sit in groepsakkommodaasje, mar dy wie leech. Alle persoanen yn it wenhûs binne der feilich út kaam. "Bewenners en hûn binne feilich", meldt de brânwacht.

De ienheden fan Ljouwert en Burgum binne oproppen om it fjoer te bestriden. Oare korpsen binne aktyf yn Wolvegea dêr't it âlde gemeentehûs yn de brân stiet.

Om sawat healwei tolven waard it sein 'grutte brân' jûn. De brânwacht fan Burgum waard oproppen om mei in ekstra tankspuitauto en in grutwettertransport te kommen.

It fjoer sit yn de dakplaten fan de skandinavyske wente. Dêrom is de bestriding dreech en it sil mooglik lang duorje. Dat meldt de brânwacht,

Trefwurden: 
brân Aldegea (Sm)
(Advertinsje)
(Advertinsje)