Grutte brân yn âlde gemeentehûs Wolvegea

12 sep 2017 - 22:28

Yn it âlde gemeentehûs oan de Hearrenfeansewei yn Wolvegea is tiisdeitejûn brân útbrutsen. Dêr sit in pizzeria yn. Al gau sloegen de flammen út it gebou, dat in ryksmonumint is. De brânwacht skaalde op nei 'grutte brân'. Foarbygongers hawwe in terras leechhelle om de brânwacht romte te jaan. Meardere korpsen bestride it fjoer.

De reek dy't frijkomt soarget foar in soad oerlêst. De brânwacht jout it advys oan omwenners ruten en doarren te sluten fanwege de reek. Twa heechwurkers binne ynset om te foarkommen dat de brân him útwreidet nei oare gebouwen.

UPDATE (23:11 oere): De brân is foar in grut part út. De foargevel is diels ynstoart. It gebou út 1835 kin as ferlern beskôge wurde. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

UPDATE (23:45 oere): Trije persoanen binne behannele foar ferwûningen.

Trefwurden: 
brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)