Boalserter bout mei oan rapste fyts fan de wrâld

Studinten fan de TU Delft en de VU Amsterdam besykje dizze wike om it hurdfytsrekôr foar froulju te ferbrekken. Mei fiif oare studinteteams út de hiele wrâld binne se ôfreizge nei de Nevadawoestyn yn Amearika. Ien fan de teamleden is Coen van der Werf fan Boalsert. Hy is ferantwurdlik foar it ûntwerp fan de Nederlânske fyts. De studinten hawwe it noch oant en mei sneon oan tiid om it rekôr te ferbrekken.
It wrâldrekôr stiet op dit stuit op namme fan Barbara Buatois út Frankryk. Se fytste hast 122 kilometer yn de oere. It Nederlânske team hat fan 'e wike sa hurd noch net fytst. 106 kilometer yn de oere wie it maksimum.