Nij logo Waadhoeke: alle kearnen foarmje mei-inoar in 'w'

It logo fan de nije fúzjegemeente Waadhoeke is tiisdei presintearre. Mei yngong fan takom jier gean de gemeenten Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en fjouwer doarpen yn Littenseradiel op yn ien nije gemeente: Waadhoeke. It nije logo lit alle doarpen en Frjentsjer sjen op de kaart. De kearnen binne sa stylearre dat se mei-inoar de letter 'w' foarmje.
It nij logo is ûntstien út it idee dat yn de Waadhoeke fjirtich doarpen en de stêd mei-inoar ien nije gemeente wurde. Fjouwer reklameburo's hiene in ûntwerp ynlevere. Nei de presintaasjes gie de foarkar út nei it logo fan bedriuw GH+O út Ljouwert.