Auto botst tsjin fangrail

29 okt 2011 - 08:22

By in ûngelok op de A31 tusken Dronryp en Marsum binne freedtejûn fjouwer minsken ferwûne rekke. In auto mei dêryn twa minsken út Reduzum waard fan achteren oanriden troch in automobiliste út Ljouwert. By har yn de auto siet noch in famke. De auto fan de frou út Ljouwert kaam tsjin de fangrail ta stilstân.

Yn ferbân mei de mist seach de frou út Ljouwert de auto fan de Redústers te let en koe se dizze net mear ûntwike.

Trefwurden: 
ûngelok A31 Marsum Dronryp
(Advertinsje)
(Advertinsje)