FIDEO: Maatregels tsjin stoarm op Flylân

12 sep 2017 - 20:19
Shovel op de Flyhors - Foto: Screenshot Facebook Vliehorsexpres

Op Flylân nimme se maatregels tsjin de oankundige stoarm. In shovel hat tiisdei de hiele dei op de Flyhors dwaande west om in sânwâl te meitsjen om de saneamde 'jutschutting' hinne. Dat is in houten sket dêr't minsken achter beskûl sykje kinne. Der wurdt heech wetter ferwachte. "De vorige keer was in 2015 en we weten hoe dat is afgelopen", stiet by it filmke dat de Vliehorsexpres op Facebook set hat.

Trefwurden: 
Flylân stoarm
(Advertinsje)
(Advertinsje)