Kampus Fryslân hat ek plannen foar akademystêd Frjentsjer

12 sep 2017 - 19:31

De fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins yn Ljouwert tekenet oer in pear wike in kontrakt mei de gemeente Ljouwert oer in bydrage oan de ferbouwing fan it beursgebou. Dat sei Jouke de Vries, de dekaan fan de fakulteit tiisdei by de iepening fan it akademyske jier. Om hokker bedrach it krekt giet, wurdt noch net bekend makke.

De fakulteit kocht it Beursgebou in jier lyn foar goed 2 miljoen euro as húsfêsting foar de kampus Fryslân. De Iepenbiere Biblioteek is der sûnt koart út. De plannen fan arsjitekteburo binne klear en ynkoarten begjint de oanbesteging. Oft de bou takom jier augustus by de start fan it nije akademyske jier al klear is, doar De Vries net te sizzen.

Der binne ek plannen om it âlde weeshûs yn Frjentsjer by de fakulteit te lûken. De Vries is dêr flak foar, foaral ek omdat it in prachtige kâns jout om de histoarje fan de universiteit fan Frjentsjer by de universiteit te belûken.

(advertinsje)
(advertinsje)