Kaartferkeap Fryske teäters giet wer better

12 sep 2017 - 19:09

Nei jierren fan delgong giet it wer better mei de kaartferkeap fan de Fryske teäters. By teater Snits waarden oant no ta al in 25.000 kaarten ferkocht. Dat is 4.000 mear as ferline jier om dizze tiid. De Lawei yn Drachten ferkocht oant no ta al sa'n 35.000 kaarten en De Harmonie sa'n 40.000 kaarten. Allinnich teäter It Posthûs op It Hearrenfean ferkocht minder kaarten yn de oanrin nei it nije seizoen. Neffens Henk de Vries fan It Posthûs hâlde ynwenners fan It Hearrenfean der net sa fan om lang yn 't foar kaartsjes foar toaniel en kabaret te keapjen. Se dogge dat leaver yn de rin fan it seizoen. De iepeningsfoarstelling fan tongersdei fan kabaretier Guido Weijers is wol útferkocht. De Vries is dan ek seker posityf oer it kommende seizoen.  

By Theater Snits begjint it seizoen mei de jubileumfoarstelling fan musicaloplieding MUZT. Frouk Oostra fan dit teater fernimt dúdlik dat hieltyd mear kaartsjes online ferkocht wurde en minder oan de kassa fan it teäter. Bykommend foardiel is dat dêrtroch de ferkeap fan kaartsjes de hiele simmerperioade trochgiet.

De Lawei yn Drachten ferkocht yn de foarferkeap 6% kaartsjes mear as yn 2016. It giet al-mei-al om sa'n 40% fan it totaal. De Lawei iepenet it nije seizoen mei in iepen hûs op 23 septimber en mei in reprize fan Cohen yn it Frysk. Direkteur Stef Avezaat hat goede ferwachtingen fan it nije seizoen. "De Lawei wol nei de drege perioade mei de ferlerne arbitraazjesaak oer de nijbou graach 'it boek slute en wer dwaande mei programmearring en nije produksjes", sa seit Avezaat.  

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hat oant no ta sa'n 40.000 kaarten ferkocht en dat is likefolle as ferline jier om dizze tiid.  

 
  
 
 

(advertinsje)