Wurkstraf en twa moanne ûnder betingst foar oanranding

12 sep 2017 - 17:04

Tsjin in man út Holwert is in wurkstraf fan fyftich oeren en twa moanne selstraf ûnder betingst easke, omdat er in frou út Kampen oantaast hawwe soe. Dat soe him ôfspile hawwe yn in boukeet op it wurk fan de man yn Dronryp. 

De frou wie by him kaam om in kopke kofje te drinken en neffens har begûn de man fuortendaliks oan har te sitten. Se sei dat se dat net woe, mar de man gie troch en soe sels har de broek nei ûnderen lutsen hawwe. De frou hat bot lêst fan wat der foarfallen is. Se wol smertejild fan de fertochte hawwe. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)