Keunstgersfjild ONS goedkard, bekerwedstriid kin trochgean

12 sep 2017 - 16:55

Foarsitter Klaas Uil fan ONS Snits is út de skroeven dat it keunstgersfjild goedkard is. Dat betsjut dat de bekerwedstriid tsjin FC Twente fan nije wike woansdei op it eigen Sudersportpark spile wurde kin. De keunstgersmatte waard earder ôfkard en de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't offisjeel eigener is fan it fjild, hat de ôfrûne wike dwaande west om it fjild op te kalfaterjen. Se hawwe oan fjildtransplantaasje dien. Der binne stikken keunstgers omruile. Minne plakken yn it fjild, bygelyks by de beide fiifmetergebieten en de twa penaltystippen, binne ferfongen troch it keunstgers dat bûten de sydline lei.

In spesjalisearre en ûnôfhinklik bedriuw fierde tiisdei de keuring út. Dat duorre in pear oeren, mar dêrnei kaam der goed nijs foar de Snitsers. "De opluchting is enorm. Je wilt zo'n feest gewoon thuis hebben.Voor ons is het zo belangrijk dat het hier gespeeld kan worden", fertelt foarsitter Klaas Uil. Boppedat is it finansjeel in boppeslach foar de klup. "Dat geeft een enorme boost, daar kun je alleen maar van dromen. We hebben het niet begroot, dus het is een lekkere bonus voor dit seizoen." Foarige wedstriden tsjin profklups levere ONS Snits tsientûzenen euro's op.

Dochs is it net sa dat ONS no wer jierren foarút kin mei dit keunstgersfjild. De mjittingen foelen mar krekt binnen de grinzen, dus in topfjild is it beslist net. Uil hopet dat der no trochpakt wurdt. "Mijn mening blijft staan dat we zo snel mogelijk een nieuwe toplaag nodig hebben. Deze renovatie was voor de korte termijn, nu moeten we kijken naar de lange termijn."

Trefwurden: 
ONS fuotbal keunstgersfjild
(advertinsje)
(advertinsje)