Wethâlder Krans opfolge troch duo Van der Zwan en De Jong

It gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De ChristenUnie yn Smellingerlân skoot twa kandidaten nei foaren as opfolger fan wethâlder Marja Krans. It giet om fraksjefoarsitter Pieter van der Zwan en riedslid Jouke de Jong. Van der Zwan nimt trijekwart foar syn rekken en De Jong de rest.
Marja Krans stapte ôfrûne simmer op nei in útspraak fan de Ried fan Arbitraazje foar de Bou oer de ferbouwing fan De Lawei yn Drachten. De skouboarch hat dêr neffens de arbitraazjeried flaters by makke. Wethâlder Krans naam doe har politike ferantwurdlikens en stapte op. De nije wethâlders wurde tiisdei yn de riedsgearkomste beëdige.