Omrop TIP: Blau de himel, grien it gers

30 sep 2017 - 08:22

It wurd ‘lânskipspine’ is yn rekôrtiid ynboargere yn Fryslân. Boeren, boargers en organisaasjes diskusjearje fûl oer de fraach yn hoefier't it lânskip ferwoest wurdt troch tanimming fan de lânbou, mei ôfnimmende biodiversiteit ta gefolch. 

Griene woestyn

Gers is foar de boeren de kaai foar in suksesfolle melkfeehâlderij, mar troch natuerleafhawwers wurdt it tsjintwurdich synysk ‘de griene woestyn’ neamd wylst gers in byldbepalende lânskipselemint fan Fryslân is. Wurdt gers te keunstmjittich bebuorke en ferliest it dêrtroch syn funksje as boarne foar ynsekten, blommen en greidefûgels?

De rol fan gers

Fryslân DOK sil yn it trijelûk, opdield yn trije seizoenen, op syk nei de geheimen fan gers. Yn it twadde diel wurdt sjoen nei de rol fan gers yn it lânskip. Wat makket gers sa wichtich en suksesfol gewaaks foar de greidbuorkerij, en is gers de kweadogger fan de lânskippen of miskien just de plantesoarte dy’t natuer en lânbou wer ferbine kin?

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Blau de himel, grien it gers: diel 2 ‘De krêft fan gers’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein op 13.00 oere.


 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)