Krisisopfang Burgum iepenet nije gesinsôfdieling

12 sep 2017 - 16:12

Minsken mei bern en folwoeksenen kinne yn de krisisopfang yn Burgum no terjochte op twa aparte ôfdielingen. Dêrfoar is in ferbouwing dien en dy is no klear. Boargemaster Gebben hat de ferbouwing tiisdeitemiddei iepene. De húshâldings hawwe in eigen wenkeamer mei keukenblok, en eigen sliepkeamers mei sanitêr.

De krisisopfang yn Burgum fangt minsken op dy't om watfoar reden dan ek dakleas binne. Op dit stuit wenje der tweintich bern. Der is begelieding dêr't it aksint leit op húslik geweld.

Trefwurden: 
Krisisopfang Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)