Top Dutch giet troch yn striid om nije bedriuwen

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte sette har Top Dutch-kampanje de kommende twa jier troch. Dy kampanje waard in moanne of wat lyn lansearre om de nijste enerzjyfabryk fan Tesla nei it Noarden te heljen. De trije provinsjes sette harsels del as in regio om grutsk op te wêzen en dy't in soad te bieden hat. Se wolle in ynternasjonale kampanje fiere om bedriuwen nei it Noarden te heljen, om de wurkgelegenheid te stimulearjen. It giet dan foaral om bedriuwen op it mêd fan duorsumheid, digitalisearring en wetter. De trije provinsjes mikke op 2.000 nije banen.