Plysje siket oerspannen man út Frjentsjer

12 sep 2017 - 14:11

De plysje is manmachtich op syk nei in man dy't tiisdeitemiddei yn oerspannen tastân fuortgien is út Frjentsjer. Fia ferskate meldingen op Burgernet wurdt oproppen om nei him út te sjen yn Frjentsjerteradiel, Tytsjerksteradiel en Harns. It giet om in 30-jierrige blanke, slanke man fan 1 meter 90. Hy hat koart, blond hier. De plysje seit mei klam sels gjin aksje te ûndernimmen, mar 112 te beljen as ien de man sjocht.

De syktocht hat te meitsjen mei de fynst fan in deade frou yn Frjentsjer, sa befêstiget de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)