Adriaan van Dis komt werom foar Beyers Naudé-lêzing

Adriaan van Dis hie fanwege sykte ôfsein foar de Beyers Naudé-lêzing © ANP
Skriuwer Adriaan van Dis hâldt moandei 25 septimber yn Ljouwert de Beyers Naudé-lêzing, in jierlikse aktiviteit fan it kristlik gymnasium yn de stêd. Van Dis soe de lêzing al yn april hâlde, mar doe melde er him op it lêste momint siik ôf. Van Dis skreau ûnder oare In Afrika, De wandelaar en Ik kom terug. Yn maaie dit jier kaam syn lêste boek út, In het buitengebied. Fan 2002 oant 2006 presintearre er it tv-programma Zomergasten, dêrnei makke er de tv-riges Van Dis in Afrika en Van Dis in Indonesië.
De Beyers Naudé-lêzing wurdt holden yn de Menistetsjerke oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert.