Jacht sinkt nei oanfarring mei frachtskip by Twellingea

12 sep 2017 - 13:45

In plezierjacht is tiisdeitemiddei sonken op it Prinses Margrietkanaal by Twellingea. Dat barde nei in oanfarring tusken de boat en in frachtskip. Der binne gjin opfarrenden ferwûne rekke. De tadracht fan de oanfarring is noch net bekend, de plysje docht dêr ûndersyk nei. It syljacht wurdt burgen.

(advertinsje)
(advertinsje)