UPDATE: Deade frou fûn yn wenning yn Frjentsjer

Yn in wenning yn de Jan Reitsmastrjitte yn Frjentsjer is tiisdeitemiddei om tolve oere hinne in deade frou oantroffen. De plysje hâldt bot rekken mei in misdriuw en docht ûndersyk nei de deadsoarsaak en de krekte identiteit fan it slachtoffer. De technyske resjerzje is op it plak oanwêzich. Oan it begjin fan de middei waard de plysje alarmearre troch in man dy't gjin kontakt mei de bewenners krije koe. Doe't de plysje de wenning yngie, troffen se it lichem fan de frou oan. Dêrop waard de wenning en de direkte omjouwing ôfset foar ûndersyk.
De plysje is noch op syk nei de manlike bewenner fan it hûs. Se ha mei in scooter en in helikopter de Frjentsjerter Bosk ôfsocht nei him. Ek binne der fia Burgernet ferskate oproppen dien om út te sjen nei de man. It giet om in 30-jierrige blanke, slanke man mei blond hier.
De plysje is fierders dwaande mei in buertûndersyk en hat twa famyljeresjersjeurs ynset om omtinken te jaan oan de neibesteanden fan it slachtoffer.