Wommelser Faber wer thús fan Sint Maarten

12 sep 2017 - 12:58

Moandeitejûn kaam Jan Thomas Faber werom fan Sint Maarten dêr't hy de orkaan Irma meimakke. Faber komt fan Wommels, mar wennet en wurket sûnt oktober 2016 op it eilân. Troch de orkaan is hy al syn guod kwyt rekke. Foar de famylje Faber wie it hiele spannende tiid. Heit Jan Klaas Faber koe twa-en-in-heale dei gjin kontakt krije mei syn soan, wylst hy op telefyzje seach dat it dak fan it hûs fan syn soan ôf wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)