Ljouwerter ynbrekker naait út mei klûs, plysje hâldt him oan

12 sep 2017 - 11:52
Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân

In 24-jierrige Ljouwerter is moandeitenacht oanhâlden foar in ynbraak by in bedriuw oan it Kealledykje yn Ljouwert. Om healwei twaen krige de plysje in melding binnen fan it ynbraakalaarm fan it bedriuw. Doe't de plysjes op it plak oankamen, seagen se immen mei in klûs útnaaien. De achterfolging waard fuortendaliks ynset en sa koe de man mei de klûs al gau oanhâlden wurde. De plysje docht fierder ûndersyk yn de saak.

(advertinsje)
(advertinsje)