Polo Riis hat hinder fan it wiete waar

De organisaasje fan de twadde edysje fan Polo Riis hat besletten om in grut diel fan it evenemint kommend wykein te skrassen. It fjild dêr't Polo Riis hâlden wurdt, oan de Leise Leane, is fierstente wiet. De horse fair, mei moadesjo's, diskes en foodtrucks is hielendal skrast. De polowedstriden sels geane wol troch, foar in selekt publyk fan 300 man. Op sneon en snein waarden oars tusken de 3000 en 4000 minsken ferwachte.