File troch ûngelok by nij akwadukt Drachtsterwei Ljouwert
Troch in ûngelok is der tiisdeitemoarn in lange file foar it akwadukt op de Drachtsterwei yn Ljouwert ûntstien. By it ûngelok binne twa auto's belutsen. De oarsaak fan it ûngelok is net dúdlik. De plysje regelet it ferkear. De file stiet oant Hemriksein ta. It is it earste ûngelok by it nije akwadukt sûnt de iepening, in moanne lyn.