Hege opbringst sûkerbiten ferwachte

12 sep 2017 - 08:15

Der komt dit jier in goede opbringst sûkerbiten fan it lân ôf. Dat seit manager Rick Gengler fan de agraryske tsjinst fan de Suiker Unie. Yn Nederlân komt der gemiddeld sa'n 85 oant 90 ton biten per hektare ôf. ''In Fryslân is de opbrengst altijd iets lager: hier brengt het land zo'n 82 tot 83 ton bieten per hectare op'', sa seit Gengler. Fryslân hat sa'n 2700 hektare bitelân.

De biterisping leit op it stuit stil yn Fryslân om't it sa wiet is op it lân. ''In Groningen en Overijsel wordt nog wel geoogst, maar ook daar moeten we het bijna stilleggen. We hopen de oogst vrijdag of zaterdag weer te kunnen hervatten." It tydlik stillizzen hat fierder gjin min effekt op de biten seit Gengler. De ôfrûne twa jier wurdt it hieltyd dreger om genôch sjauffeurs te finen. Mar dat is wat wat yn de hiele transportsektor spilet, sa seit Gengler. ''Dat levert bij ons nu nog geen problemen op. Maar als er zo weinig nieuwe aanwas van jonge chauffeurs blijft komen, krijgen we er over vier of vijf jaar wel last van."

Trefwurden: 
biten risping suikerbieten
(advertinsje)
(advertinsje)