It waar hat in protte te sizzen by de SUP-alvestêdetocht

De dielnimmers oan de SUP-alvestêdetocht hawwe der wer in drege nacht opsitten. Troch de tonger moasten de dielnimmers yn Dokkum oardel oere wachtsje. It tal útfallers leit no al heger as ferline jier. Ek foar de organisaasje is it folle drokker as oars. Der sil tiisdeitemoarn besjoen wurde oft de rûte oer de Sleattemer Mar wol begeanber is.
De SUP 11-CITY Tour, sa't de SUP-alvestêdetocht offisjeel hjit, wurdt foar de njoggende kear hâlden. Dielnimmers komme ûnder oare út Spanje, Sina en Poalen. Meielkoar dogge der tritich nasjonaliteiten mei oan it evenemint.