Aksjegroep tsjin leechfleanen nei Den Haag mei hantekeningen

11 sep 2017 - 22:59
(argyffoto Skiphol) - Foto: ANP

De wurkgroep Laagvliegroutes Nee út Fryslân biedt tiisdei mei noch trije oare aksjegroepen mear as 50.000 hantekeningen oan de leden fan de Twadde Keamer. De groepen meitsje harren grutte soargen oer de foarstelde fleanrûten as it fleanfjild Lelystêd yn 2019 útwreidet. Dy binne fierstente leech, sizze se. Dat soarget foar gefaar en oerlêst yn Fryske natuergebieten en yn dy fan de omlizzende provinsjes Drinte, Oerisel en Gelderlân. En dat hat grutte gefolgen foar natuer, miljeu en toerisme.

Op dit stuit wurdt yn plannen fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu útgongen fan lange oanfleanrûten op in hichte tusken 1500 en 2100 meter. De aksjegroepen neame dat ûnferantwurdlik en gefaarlik. Neffens de leden fan de groepen, dy't stipe krije fan ferskate saakkundigen, is it gewoan dat fleantugen oanfleane op in hichte fan sa'n 10.000 meter. It klimmen en dalen giet dan yn in folle steilere baan as no yn de plannen stiet. De groepen stelle foar om dat hjir ek te dwaan. En neffens harren kin dat ek bêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)