Ferwûning by botsing tusken twa auto's op It Hearrenfean

Twa Peugeot's binne op elkoar botst. Ambulânse is derby © Srfotografie
Op de Oranje Nassauleane op It Hearrenfean binne moandeitejûn twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Dêrby is ien ferwûne fallen. De persoan is ôffierd nei it sikehûs. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net bekend. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.