Beloften Hearrenfean winne, lyk spul Jong Cambuur

11 sep 2017 - 21:47

It twadde fan SC Hearrenfean hat moandei op eigen grûn mei oermacht wûn fan it twadde fan ADO Den Haag. It waard 4-1 foar de Friezen. Yn de tsiende minút sette Jizz Hornkamp Hearrenfean op foarsprong mei de earste goal. Binnen 25 minuten folge de twadde fan Marco Rojas, de tredde fan Nemanja Mihajlovic en de fjirde wer fan Hornkamp. Sa giene de Feansters mei 4-0 de rêst yn. Mei in efterstân fan fjouwer doelpunten kealle it swier foar de beloften fan ADO. Dochs wist Robin Polley yn de 49e minút noch in goal te meitsjen foar de Hagenezen. En dy stân bleau ta de ein stean: 4-1 foar SC Hearrenfean: dus trije punten derby foar de Fryske beloften.

De beloften fan Cambuur spilen thús tsjin Jong Excelsior. Mei minne waarsomstannichheden slaggen beide ploegen der net yn om in doelpunt te meitsjen. It bleau sadwaande 0-0.

(Advertinsje)
(Advertinsje)