Frânske auto bedarre yn de sleat by de A7

11 sep 2017 - 21:37
De Frânske Mercedes yn de sleat - Foto: De Vries Media

In Frânske auto is moandeitejûn op de A7 by De Jouwer yn de sleat riden. De auto ried op knooppunt De Jouwer ôf doe't de wein troch noch ûnbekende oarsaak by bedriuweterrein De Ekers fan de dyk rekke.

De bestjoerder en twa ynsittenden binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Oer de aard fan de ferwûningen is neat bekend. In berger hat de auto út de sleat helle en ôffierd. It ferkear koe ûnder de ôfhanneling fan it ûngelok gewoan trochride.

Trefwurden: 
De Jouwer ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)