Ynsammelpunt Ljouwert foar Sint Maarten giet tiisdei iepen

11 sep 2017 - 21:29

De insjatyfnimster fan de helpaksje LWD helpt Sint Maarten hat ûnderdak fûn yn in âld skoalgebou yn Ljouwert. De skoalle stiet oan de Cornelis Trooststrjitte nûmer 48. Minsken kinne dêr fan tiisdeitemoarn ôf guod delbringe. De aksje is in inisjatyf fan âld-Ljouwerter Chaka Jean Pierre. Sy komt fan Sint Maarten. Har aksje begjint no goed op gong te kommen. Der is benammen ferlet fan hâldbere libbensmiddels en artikels foar de persoanlike fersoarging, bygelyks tampons. De Cornelis Trooststrjitte is yn de wyk Huzum-West, yn in sydstrjitte fan Julianaleane. It ynsammelpunt is maklik te finen: yn lokaal 1 rjochts fan de haadyngong.

Freed is der in lanlike aksjedei om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan de orkaan Irma op Sint Maarten. Dat hat de publike omrop bekend makke yn de mande mei it Reade Krús.

(Advertinsje)
(Advertinsje)