"Tal Fryske gemeenten sil yn de takomst fierder ôfnimme"

11 sep 2017 - 20:51

It tal Fryske gemeenten giet de kommende jierren werom nei 18, mar dêr bliuwt it net by. Dat wie oer it generaal de gedachte fan bestjoerders dy't moandei yn de Ljouwerter Harmonie it 100-jierrich jubileum fierden fan de VFG (Feriening fan Fryske gemeenten). Sawat 150 boargemasters, wethâlders, griffiers, deputearren, rieds- en steateleden stiene yn in spesjaal jubileumprogramma stil by ferline en takomst fan it lokale bestjoer.

De slachkrêft en saakkundigens dy't yn in moderne gemeente nedich is, freget in bepaalde skaal. Dat proses sil wol trochgean, mar net yn in heech tempo, sa wie de ferwachting. "It moat logysk wêze en goed fiele', sa sei boargemaster Van Mourik fan Smellingerlân

(advertinsje)
(advertinsje)