Apotheker: "Formaasjepartijen binne ta inoar feroardiele"

11 sep 2017 - 20:43

De fjouwer partijen dy't dwaande binne mei it formearjen fan in nij kabinet binne feitlik ta inoar feroardiele. In oare konstruksje is eins net mooglik. Dat sei D66-pommerant Hayo Apotheker yn polityk programma It Polytburo fan Omrop Fryslân fan dizze wike.

De partijen VVD, CDA, D66 en de ChristenUnie binne it op sosjaal-ekonomysk terrein fierhinne iens. De etyske kwestjes, lykas it frijwillige libbensein, komme neffens Apotheker net iens yn it regearakkoart, omdat de ChristenUnie him dêr bot tsjin fersette sil. It soene saneamde frije kwestjes wurde, dy't oan de Twadde Keamer oerlitten wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)